Keatsmuseum
It Keatsmuseum (brûkt ek de Nederlânske foarm Kaatsmuseum) is in museum yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat folslein wijd is oan it keatsen. Dat in museum op it mêd fan dy sport yn Frjentsjer stiet, is net tafallich, mei't Frjentsjer troch de dêr eltse simmer organisearre PC (de wichtichste keatswedstryd fan it jier) it sintrum fan it keatsen is.
Keatsmuseum Kaatsmuseum | ||
museum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
adres | Foarstrjitte 76 | |
koördinaten | 53°11′13″N 5°32′23″E | |
Algemiene gegevens | ||
type | sportmuseum | |
wurkmêd | keatsen | |
oprjochting | 1972 | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webstee fan it Keatsmuseum | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Frjentsjer.
|
Utstallings
bewurkje seksjeIt Keatsmuseum waard yn 1972 iepene, en is dêrmei (nei eigen sizzen) it âldste sportsmuseum fan Nederlân. It wurdt beheard troch it Keninklike Nederlânske Keatsbûn (KNKB), en omfettet fêste tentoanstellings dy't de skiednis en ûntwikkeling fan 'e keatssport en syn kulturele betsjutting sjen litte. Fierders hat it museum wikseljende útstallings dy't wijd binne oan beskate bysûndere keatsers, ferienings of oare tema's. Sa wie der yn 2003 in tentoanstelling oer "150 jier PC". Ek binne der orizjinele keatsprizen en earetekens útstald. Op it keatsfjild by it museum kin in keatstrening folge wurde.
Adres
bewurkje seksjeFan 1995 oant 2014 siet it Keatsmuseum op 'e boppeferdjipping fan it histoaryske Camminghahûs, in âlde stêdstins op it adres Foarstrjitte 2, deunby de Bredepleats en de Martinytsjerke. Op 'e ûnderferdjipping fan it gebou siet yn dy jierren in filiaal fan 'e Friesland Bank. Doe't de bank yn 2013 fallyt gie, waard it gebou ferkocht (sûnt sit der in bakkerij mei in eigen ythoeke). It Keatsmuseum is sadwaande yn 2014 ferfearn nei de oare ein fan 'e Foarstrjitte, dêr't it no fêstige is op nûmer 76, deunby it Sjûkelân, dêr't de PC ferkeatst wurdt.
Trivia
bewurkje seksjeYn de iere moarn fan 26 april 2024 rekke de gevel fan it Keatsmuseum slim skansearre ta gefolch fan in plofkreak dy't rjochte wie op de jildautomaat by it museum.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |