Walloanje
Walloanje (Frânsk: Wallonie) is it súdlike lânsdiel fan Belgje dêr't benammen Frânsk (en in bytsje Dútsk yn de provinsje Luik - de Dútsktalige Mienskip) sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it noardlike part Flaanderen Nederlânsk is. De offisjele namme is it Waalsk Gewest (Frânsk: Région wallonne) en de ynwenners wurde Walen neamd. De Frânske Mienskip soarget foar taalkundige saken en omklammet ek de Frânsktaligen yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest. Yn Walloanje binne it Waalsk Gewest en de Frânske Mienskip net gearfoege.[1] De haadstêd fan Walloanje is Namen (Namur), de haadstêd van de Frânske Mienskip is Brussel (Bruxelles).
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
It Waalsk Gewest hat neistenby 3.682.000 ynwenners (2023) [2] op in oerflak fan neistenby 16.901 km².[3]
Walloanje omklammet de provinsjes:
- Waalsk-Brabân (Brabant wallon) - haadstêd Waver (Wavre)
- Henegouwen (Hainaut) - haadstêd Bergen (Mons)
- Luik (Liège/Lüttich) - haadstêd Luik (Liège)
- Lúksemboarch (Luxembourg) - haadstêd Aarlen (Arlon)
- Namen (Namur) - haadstêd Namen (Namur)
Lânskip bewurkje seksje
Sjoch ek bewurkje seksje
Keppelings om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gewesten: Flaamsk Gewest (Flaanderen) - Waalsk Gewest (Walloanje) - Brusselsk Haadstedsk Gewest Mienskippen: Flaamske Mienskip - Frânske Mienskip - Dútsktalige Mienskip Flaamske provinsjes: Antwerpen - Limburch - East-Flaanderen - West-Flaanderen - Flaamsk-Brabân Waalske provinsjes: Henegouwen - Luik - Lúksemboarch - Namen - Waalsk-Brabân |