Wouter fan Amersfoart

(Trochferwiisd fan Walter fan Amersfoort)

Yn 1259 bout Wouter (ek Walter) fan Amersfoart, in kastiel oan wat no de Stoutenburgerleane yn Leusden is. Oarspronklik wie it kastiel net yn hannen fan de biskop, mar yn besit fan it ministerialenlaach Fan Amersfoart. Dy famylje wenne fanâlds op of by de biskoplike hof yn Amersfoart en wie erflik yn it besit fan de fâdij oer it biskoplike domeinguod yn noardlik Iemlân en it skoutamt fan Amersfoart.

Stoutenburg

Op 12 juny 1259 ferliende biskop Hindrik I fan Fianden oan Amersfoart stedsrjocht. Op deselde dei droech Wouter fan Amersfoart syn allodiaal kastiel Stoutenburg, dat neffens de oarkonde noch yn oanbou wie, oan de biskop yn lien op as iepen hûs. Dat lêste betsjutte dat as't de biskop it kastiel om militêre redenen nedich hie, Wouter it ta foldwaan fan de biskop stelle moast. De bou fan it kastiel en de stedsrjochtferliening oan Amersfoart hingje nau mei elkoar gear. Wouter ferlear dêrby syn machtige posysje as biskoplik fâd yn Amersfoart, mar krige in nij steunpunt yn Stoutenburg.
Mooglik hat de biskop Wouter sa'n bytsje kocht troch him in som jild te beteljen foar de lienopdracht fan syn allodiaal guod Stoutenburg, wêrmei't hy bygelyks syn nije kastiel bouwe koe op de betingst dat er dat as iepen hûs oan de biskop yn lien opdrage soe. Meidat Wouter him bûten Amersfoart fêstige, waard de stêd yn wurding oan syn direkte ynfloed ûntlutsen en koe se juridysk selsstannich wurde.

Mei it oangean fan in lienbân mei Wouter fan Amersfoart, dy't him nei 1271 nei syn nije hûs ek faak Fan Stoutenburg neamde, besocht biskop Hindrik foar te kommen dat dy yn it Iemlân, oan de grinzen fan it Sticht en it greefskip Gelre, in ûnôfhinklike hearskippij fêstigje soe. Dit gefaar wie der wol; yn 1263 droech Wouter in tal allodiale guod by Amersfoart foar in bedrach fan 200 pûn yn lien op oan de greve fan Gelre, wêrby't hy it kastiel Stoutenburg ten tsjinste fan de greve stelde, útsein soks ten koste gean soe fan de belangen fan de biskop.
De machtige posysje dy't de Fan Amersfoarts yn it Iemlân hiene, brokkele oan de ein fan de 13e iuw ôf. Sa wie de opfolger van Wouter, Everard fan Amersfoart, út jildpine twongen om dielen fan it famyljebesit te ferkeapjen.