Wapen fan Berltsum
It wapen fan Berltsum is it wapen fan de flekke Berltsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1991 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeBerltsum is ien fan de Fryske plakken wêr fan in âld wapen oerlevere is. Yn 1470 wurdt in stedssegel fan Berltsum neamd. In ôfbielding fan in tsjerke mei it Laam fan God is oanwêzich op in jûnsmielsbeker út 1601 en op in midiuwske stien yn de Koepeltsjerke fan Berltsum. De stien komt út de Tichelerspiip, in brêge westlik fan it plak. It wapen fan Berltsum tsjinne ûnder mear as basis foar it logo fan de pleatslike fuotbalferiering SC Berltsum. Yn 2002 waard de flagge fan Berltsum registrearre.
-
Midsiuwske stien yn de Koepeltsjerke fan Berlikum.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in omkearde reade tsjerke mei in toer sûnder spits; de tsjerke mei trije sletten finsters en in sletten syddoar, op it fries (of de goate?) in omsjende Agnus Deï hâldend in skeanlinks pleatste sulveren swellesturt-krúsflagge mei read krús tusken de foarpoaten en ôfhingjende nei de toer; de toer mei op elke hoeke fan de ôfplatting in sulveren kûgel en in fjouwerkantich galmgat en dêryn sichtber in sulveren liedklok. It skyld dutsen mei in flekkekroan, fan goud mei op de hollebân sichtber trije moerbeiblêden en twa pearelpunten en yn de hollebân trije reade rútfoarmige stiennen mei dêrtusken twa griene ovale stiennen; de kroan fuorre fan read.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read) en sulver. It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke kroan".
Symbolyk
bewurkje seksje- Tsjerkegebou: soe in ôfbielding wêze fan de foargonger fan de hjoeddeiske Koepeltsjerke fan Berltsum.
- Laam fan God: symboal foar Jezus.
- Kroan: it wapen wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske kinmerken (flekke).