Wapen fan Boazum
It wapen fan Boazum is it wapen fan it doarp Boazum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1991 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeBoazum is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt foar op in sulveren beker foar it pear Pier Bosum en Bauck Unia út 1508. De betsjutting fan de raam is net wis. Der wurdt tocht dat de raam in sinnebyld is foar Pier Bosum as lieder fan de mienskip. Ek kin der in ferbân wêze mei in lingtemaat. It wapen wie al langer bekend yn in pleatslike herberch.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn azuer in omwarrende stappende raam fan sulver, rinnende op in skyldfoet fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en sinopel (grien).