Wapen fan Littenseradiel

It gemeentewapen fan Littenseradiel waard fêststeld op 22 maart 1984 mei de beskriuwing:
Yn azuer in skeanbalke fan sulver, beladen mei in klaverbled fan sinopel, in roas fan keel en in stjer fan sinopel, en beselskippe fan 2 stjerren fan goud. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2x3 pearels.

Gemeentewapen Littenseradiel

It wapen is gearstald út de wapens fan Baarderadiel en Hinnaarderadiel. De skeanbalke út it wapen fan Hinnaarderadiel waard omdraaid. Dit waard dien omdat it âlde wapen fan Westergoa soksoarte skeanbalke hie. Beide ophefte gemeentes leine yn Westergoa.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dull tot Backenhagen, 1984c;
  • Ynformaasje gemeente Littenseradiel.