Wapen fan Esonstêd

It wapen fan Esonstêd is it wapen fan it fakânsjepark Esonstêd, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 2002 registrearre.

Wapen fan Esonstêd

Hoewol't it wapen yn earste ynstânsje makke wie foar De Skâns-Oostmahorn en Esonstêd, krige De Skâns-Oostmahorn yn 2008 in eigen wapen, dit omdat it plak yn 2007 de doarpsstatus krige.

De blazoenearring fan it wapen is:

Ferdield: 1. yn read in omkearde spande hânbôge fan sulver, mei in gouden pylk: 2. yn blau in kogge mei sul en wimpel fan goud: yn yndreaune gouden punt, belein mei in swarte Sint-Jabiksskulp.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud, azuer (blau) en sabel (swart).

  • Pylk en bôge: stiet foar de skâns dy by De Skâns-Oostmahorn lei. De pylk wiist nei it easten om't de drieging út dy richting kaam. Ek binne de pylk en bôge oernommen út it wapen fan de famylje Toxopeus. De kleuren binne oernommen út it wapen fan Eastergoa.
  • Kogge: ferwiist nei de legendaryske hannelsstêd Esonstêd.
  • Skulp: symboal foar de fiskerij.
  • Gouden fjild: ferwiist nei it diel "horn" yn de namme De Skâns-Oostmahorn. De betekenis fan "horn" is hoeke. De gouden kleur ferwiist nei it seesân.