Wapen fan Nijefurd

It gemeentewapen fan Nijefurd waard fêststeld op 26 maart 1984 mei de beskriuwing:

Gemeentewapen Nijefurd

Trochsnien fan goud en keel; in hertskyld yn trijen trochsnien fan sinopel, azuer en sabel mei op elk gedielte in muorrekroan fan 3 bastions fan goud, fierd fan keel. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2x3 pearels.

It haadskyld is it wapen fan it lân Starum. It hertskyld is it wapen fan Himmelumer Aldefurd mei dêrop trije muorrekroanen as symboalen foar de trije stêden yn de gemeente (Warkum, Hylpen en Starum).

It haadskyld, fan boppen goud en fan ûnder read, is it wapen fan it lân fan Starum, de kleuren binne ek fan it wapen fan Starum oernomd.[1] It hertskyld is it âlde wapen fan Himmelumer Aldeferd. Dit wapen stiet symboal foar de trije stêden yn dy eardere gemeente. Dy stêden binne Warkum, Hylpen en Starum.[2]

De offisjele beskriuwing, it blazoen neamd is: "Trochsnien fan goud en keel; in hertskyld yn trijen trochsnien fan sinopel, azuer en sabel mei op elk gedielte in muorrekroan fan 3 bastions fan goud, fuorre fan keel. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2x3 pearels."

It wapen is dield, de boppeste helte is goud en de ûnderste is read. Op it skyld leit noch in hertskyld, dit is yn trije likense stikken dield. De boppeste is grien, de middelste blau en it ûnderste swart, op alle dielen stiet in muorrekroan ôfbylde. Elke kroan hat 3 bastions en de ûnderkanten binne read. It wapen is dekt troch in gouden kroan fan 3 blêden en tusken de blêden steane 2 kear 3 pearels.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dull tot Backenhagen, 1985a

  1. Nederlânske Gemeentewapens, Heraldrywiki: Starum
  2. Nederlânske Gemeentewapens, Heraldrywiki: Nijefurd