Wapen fan Parregea
It wapen fan Parregea is it wapen fan it doarp Parregea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1969 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeParregea is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt fan in wynwizer op it koar fan de Sint-Jehannes de Dopertsjerke fan Parregea.
-
De Sint-Jehannes de Dopertsjerke fan Parregea.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Dield: 1. de Fryske earn; 2. yn swart trije sulveren fisken mei reade boarst-, bûk- en rêchfin boppe inoarren.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), sulver en kiel (read).
Symbolyk
bewurkje seksje- Fryske heale earn: ferwiist nei de kontakten fan it doarp mei de stêd Warkum. De heale earn komt ek foar yn it wapen fan Warkum.
- Fisken: fewize nei de eardere fiskerij op de eardere Parregeastermar.