Wapen fan Skarsterlân

It gemeentewapen fan Skarsterlân waard op 30 augustus 1984 beskreaun as

Gemeentewapen Skarsterlân

Trochsnien : I yn azuer in springende hazze fan goud II yn goud in rjochterearm fan natuerlike kleur, klaaid fan keel, kommende út de rjochterskyldrâne en hâldende in omkearde ryksappel fan azuer mei in breedearmich krús fan sabel, dat tusken de fingers trochstekt. It skyld dekt troch in gouden kroan fan 3 blêden en 2 pearels.

It wapen is in kombinaasje fan de wapens fan it Doanjewerstâl en it Haskerlân, wêrby't de kleuren oanpast binne.