Wapen fan Tsjerkwert

It wapen fan Tsjerkwert is it wapen fan it doarp Tsjerkwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Wapen fan Tsjerkwert

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien trije sulveren puntruten, pleatst 2:1, mei in sulveren skyldhaad, belein mei trije reade pompeblêden.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver en kiel (read).

  • Puntruten: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Walta, dy't in stins yn it doarp bewenne.
  • Pompeblêden: ferwize nei de eardere marren yn de omkriten fan it doarp.