Wapen fan Wommels

It wapen fan Wommels is it wapen fan it doarp Wommels, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2000 registrearre.

Wapen fan Wommels

De blazoenearring fan it wapen is:

Trije kear úttakkele trochsnien; I yn goud in fiifblêdige roas tusken twa swarte Sint-Jabiksskulpen; II yn grien mei yn de skyldfoet in lizzende sulveren heale moanne, fan boppe beselskippe fan trije neist inoar pleatste ballen, ek fan sulver.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, goud, sabel (swart) en kiel (read).

  • Grien fjild: stiet foar de greiden yn de omkriten fan it doarp. De punten fan it griene fjild stie foar de terp fan Wommels en twa oare terpen yn de omkriten fan it doarp.
  • Gouden fjild: de kleur is oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Jongema en Fan Hottinga. dy't yn it doarp stinsen bewennen.
  • Swarte skulp: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Hottinga.
  • Reade roas: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Jongema.
  • Heale moanne: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Sminia.
  • Trije ballen: symboalen foar it keatsen, ferwizing nei de Freulepartij, dy't yn it doarp hâlden wurdt.