Wartall is in Fryske band dy't hardrock en punk spilet. De groep waard oprjochte yn 1995 (as Wartaal) yn Warten troch Marcel Andela (gitaar) en Tjeerd Epema (sang). Letter kaam drummer Jeroen Wijnands der by en Ronald Lukkes as basgitarist. Tjeerd Epema stoppe dermei en yn 1999 Jeroen Wijnand.

Yn 2008 is Wartall in trio dat bestiet út Marcel Andela (sang en gitaar), Roland Lukkes (basgitaar en sang) en Hessel Nettinga (drums en sang). De groep die yn 1998 en 2000 optredens op Aaipop.

Diskografy bewurkje seksje

  • Fan alles en nog neat (1998)