Wartenster Wiid
It Wartenster Wiid is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart rint fan Warten nei it easten en bûgt ter hichte fan Wergea by Tsjallehiem nei it noarden en giet dêr oer yn it Langdeel.
De namme Wartenster Wiid jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wartenasterwijd.