It Wasmeer is in heidemar by Hilfertsom. De mar waard eartiids brûkt om de skiep te waskjen. It leit yn in 234 ha grut gebiet mei in soad bosk, puollen en ikkers. It Wasmeer is in ûnderdiel fan de licht gloaiende Goaiske Stuwwâl út de iistiid. De 'Waskmar' sels is net tagonklik, mar der is in oerdekt útsjochpunt dêr't de mar goed oersjoen wurde kin. Panielen jouwe útlis oer de lânbisten en fûgels dy't hjir in soad sitte, krektas de protte soarten libellen. Bosk en heidefjildsjes wurde begersjke troch Charolais kij en Skotske Heechlanners. It gebiet is eigendom fan it Goois Natoerreservaat.