Weird menace
Weird menace, Ingelsk foar "nuvere bedriging" (útspr.: [wiːɹd ˈmɛnəs], likernôch: "ûiird men-nus"), is in subsjenre fan horror en detektivefiksje dat populêr wie yn 'e pulpbledsjes fan 'e 1930-er en iere 1940-er jierren. Tydskriften dy't koarte ferhalen fan dit sjenre ôfprinten, waarden ek wol shudder pulps ("huverpulps") neamd. Weird menace-ferhalen geane ornaris oer in held dy't op it spoar komt fan sadistyske smjunten, oanfolle mei grafyske beskriuwings fan martelings en geweld.
Weird menace ûntstie yn 'e iere 1930-er jierren, doe't Amerikaanske pulpbledsjes as Detective-Dragnet, All Detective, Dime Detective en it mar koart besteande Strange Detective Stories detektiveferhalen begûnen ôf te printsjen dy't oanlinge wiene mei boppenatuerlike en driigjende eleminten. Yn in tiidsbestek fan inkele jierren ûntjoegen sokke ferhalen har troch krúsbestowing fan detektivefiksje mei horror ta in nij subsjenre, dêr't aparte publikaasjes foar kamen, lykas Dime Mystery Magazine, dat úteinsette as in gewoan detektivepulpblêd, mar yn 1933 folslein oergie op weird menace.
De merk fan it subsjenre waard dominearre troch útjouwerij Popular Publications, dy't net inkeld Dime Mystery útbrocht, mar ek twa oare weird menace-titels: Terror Tales en Horror Stories. Doe't der almar grafysker beskriuwings fan martelings en geweld yn 'e ferhalen opnommen waarden, ûntstie der yn 'e Feriene Steaten maatskiplik protest tsjin weird menace. Dat late ta in weromslach fan sensuer dy't it sjenre tsjin 'e iere 1940-er jierren fierhinne útrûge hie.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |