Weird fiction, Ingelsk foar "nuvere fiksje" (útspr.: [wiːɹd ˈfɪkʃən], likernôch: "ûiird fik-sjun"), is in subsjenre fan spekulative fiksje dat ûntstie oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw. It wurdt ornaris ta fantasy of ta horror rekkene. Weird fiction wegeret tradisjonele antagonisten út dy sjenres, lykas spûken, fampieren en wearwolven, te brûken, of ynterpretearret sokke wêzens op in radikaal oare manear as gebrûklik is. Beskriuwers fan it ûnderwerp weird fiction, lykas China Miéville, brûke soms 'it tentakel' as symboal foar it hiele subsjenre. It tentakel is nammentlik in soarte lichemsdiel dêr't de meunsters út 'e Jeropeeske folkloare ornaris net oer beskikke, mar dat faak wol oan 'e meunsters tafoege waard dy't betocht binne troch skriuwers fan weird fiction, lykas William Hope Hodgson, M.R. James en H.P. Lovecraft. Weird fiction besiket net selden om 'e lêzer behalven eangst ek ûntsach fiele te litten foar de fiktive wêzens. Hoewol't de term weird fiction foar it meastepart brûkt wurdt as in histoaryske omskriuwing foar literatuer oant de 1930-er jierren, wurdt de oantsjutting sûnt de 1980-er jierren ek yn tanimmende mjitte brûkt om spekulative fiksje te omskriuwen dy't eleminten út sawol horror as fantasy as ek science fiction omfiemet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.