Welmoed

Fryske famkesnamme

Welmoed (ek wol "Welmoet" of "Welmoedtsje") is in Fryske famkesnamme. Hoewol't dizze namme foarhinne ek wol yn Noard-Hollân foarkaam, soe dat bêst ris weromgean kinne op 'e Fryske oarsprong fan dat gebiet.

De namme is fan oarsprong in saneamde twastammige Germaanske namme, besteande út de stammen "wil" (wilskrêft, stribjen) en "mud" (moed(ich), stimming, lilkens). Hoewol't de namme fan Frysk komôf liket te wêzen, kaam dizze namme eartiids ek frij faak foar yn Noard-Hollân, ek yn de foarmen wolmet en wolmoed. Anno 2006 wurdt de namme net folle mear oan bern jûn.

Tsjintwurdich wurdt de namme wer wat bekender troch de wyn 'Welmoed' út Stellenbosch yn Súd-Afrika.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ^ www.meertens.knaw.nl, Welmoed yn de foarnammebank fan it meertensynstitút
  2. ^ www.keesn.nl, Nammen yn de Lege Lannen foar 1150]