Werf De Piip

(Trochferwiisd fan Werf Roorda)

Werf De Piip wie in skipmakkerij yn Drachten oan it Mûnein oan de Drachtster Feart. In soad fan de hjoed-de-dei noch yn wedstriidferbân útkommende skûtsjes waarden yn it begjin fan de tweintichste iuw boud op dy werf fan de bruorren Roorda.

Skipswerf De Piip ûntstie yn 1901. Doe kocht Berend Tjeerds Roorda (1849-1928) in stik grûn oan it Mûnein yn Drachten by de Pypster Brêge (yn de Hegewei). Op 28 jannewaris 1902 frege er in fergunning oan om dêr in "scheepstimmeraffaire" op te rjochtsjen. Njonken de al besteande stjelp op it stee boude Berend Roorda in werfloads mei timmerskuorre. Dy wie troch him foar 900 gûne kocht út in foar ôfbraak bedoeld werfbedriuw by Skarsterbrêge. Sels lei er noch twa sleephellingen oan. De werf rjochte him sawol op nijbou, ûnderhâld as reparaasje fan houten skippen. Earder boude Berend Roorda op in lytse houtbouhelling oan de Noarderdwersfeart yn Drachten foaral preammen.

Berend Roorda hie fjouwer soannen, dêr't trije fan ek warber yn de skipsbou wiene. De âldste soan, Bauke Roorda (1878-1958), wurke earst mei op de houtbouwerf fan syn heit oan de Noarderdwersfeart yn Drachten. Yn 1897 sette er ôf nei De Jouwer om op de houtbouwerf fan Eeltje Holtrop van der Zee it fak te learen. Bauke Roorda kearde werom nei Drachten neidat syn heit mei de werf oan it Mûnein begûn wie. Hy seach lykwols yn dat de omslach fan hout nei izer makke wurde moast en gie opnij yn de lear by de IJzeren Scheepsbouwwerf (letter Barkmeijer) yn Vierverlaten. Dêr bleau er trije jier en lei er him ta op it bewurkjen fan izer. Yn'e jûnsoeren folge er lessen foar rekkenjen, technysk tekenjen, wiskunde en bedriuwsekonomy. Yn 1905 kaam er werom nei Drachten om de werf fan syn heit de omskeakeling meitsje te litten fan hout nei izer.

Bauke Roorda ûntwurp op basis fan syn kennis en ûnderfining in eigentiidsk lynd roefskip. Hy brûkte it doe nije materiaal stiel foar it realisearjen fan de troch him betochte rûnings. Skippers ûntdutsen al gau de kwaliteit fan dizze skippen. Fan 1909 ôf begûn in bloeiperioade fan fjirtjin jier, dêr't in soad ek no noch bekende skûtsjes yn fan de helling rûne. Tusken 1906 en 1925 bouden Bauke en syn bruorren Wouter (1886-1943) en Tjeerd (1881-1966) 42 izeren skippen: 26 tsjalken (dêr't de skûtsjes ûnder falle), 1 koftjalk, 5 aakskippen, 6 bolskippen, 3 klipperaken en in hevelaak. Ek waard der foar eigen rekken in tal jachten boud.

Yn 1911 gie de werf fallyt. Ien op de werf boude klipper sonk yn 1909 op de earste reis ûnderweis nei de Eastsee. Om 't it skip net ôfbetelle wie, wie Berend Roorda noch hieltyd de eigener. Om 't de opdrachtjouwer, nettsjinsteande de makke ôfspraken, net de rûte oer it Kielerkanaal nommen hie, mar dy oer see, kearde de fersekering net út. Dat late úteinlik twa jier letter ta it fallisemint fan de skipswerf.

It bedriuw makke yn juny 1911 in trochstart ûnder de namme Gebrs. B.T.W. en S. Roorda, Scheepsbouw - en Constructiewerkplaats. Ek Berends fierde soan Sietze (1888-1964) partisipearre no yn de ûndernimming. Bauke Roorda hie de folsleine lieding, ûntwurp de skippen, ferkocht se en die de ynkeap. Tjeerd Roorda wie ferantwurdlik foar it smids- en konstruksjewurk en Wouter Roorda fersoarge it skipstimmerwurk. Sietze siet wol as fennoat yn it bedriuw, mar fersoarge de pleats njonken de werf.

Berend Roorda luts him yn 1921 hielendal werom út it bedriuw, dat fan doe ôf fierder gie ûnder de namme Gebrs. Roorda Scheepsbouw en Constructiewerkplaats. De nijbou rûn werom, wêrtroch't ûnderhâld en reparaasje de wichtichste boarnen fan ynkomsten waarden. Der folge in nije omskeakeling fan wurk nei konstruksjewurk. Dat wiene benammen wetterboukundige wurken, lykas brêgen en slûzen. Fierder ûntwikkele en makke de werf baggelmasines. Yn 1933 rûn it lêste nije skip fan de helling. Yn 1958 waard it bedriuw formeel opheft. It terrein fan de werf wie al yn 1950 oan Philips ferkocht.

Eigenskippen fan it Pypster skûtsje

bewurkje seksje

It bysûndere fan in Piipster skûtsje sit him benammen yn de eftersteven (oftewol de kont). De rûningen fan it achterskip lizze mear nei foaren, sadat de romp fan de wetterline ôf earder nei boppen bûcht. Dit wurdt betitele as dat de kont moai fage is en yn in ideale line pike út it wetter rint. It skip lit dêrtroch it wetter earder los, wat minder wjerstân en dus mear gong jout. Troch it brûken fan izer/stiel yn de boech koe dy ekstra rûn kloppe wurde. Boppe de wetterline waarden op dy wize 'wangen' kreëarre dy 't yn laden tastân draachfermogen leverje, mar leech gjin ekstra wjerstân jouwe. Ek falt it boeisel fan de Piipster skûtsjes wat mear nei binnen as by de oare skûtsjes.

Yn 2020 wiene njoggen fan de fjirtjin yn de SKS-kompetysje dielnimmende skûtsjes ôfkomstich fan de werf fan de bruorren Roorda. Yn de ôfrûne fiifentweintich jier wûn mar ien kear in skûtsje dat net fan skipswerf De Piip kaam it einklassemint. Ek yn de IFKS-kompetysje spylje de skûtsjes fan skipswerf De Pijp in wichtige rol.

Ferneamde SKS skûtsjes

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje