Werner G. Göring (Salt Lake City, 1924) wie in Amerikaanske bommesmiterpiloat en neef fan nazilieder Hermann Göring. Yn de Twadde Wrâldoarloch fleach Werner Göring 48 missys boppe beset Jeropa yn in B-17 Flying Fortress.

Werner Göring (rjochtsefter) mei syn bemanning foar de B-17 Fearless Fosdick

Werner Göring wie hikke en tein yn Salt Lake City as soan fan Karl en Adele Göring. Begjin 20e iuw emigrearren syn âlden nei de Feriene Steaten. Werner wie de jongere broer fan Karl Göring (1913).

Werner Göring koe floeiend Dútsk prate en waard nei yngeand ûndersyk nei syn komôf talitten by it Amerikaansk leger. Hy waard yndield by de 303rd Bombardment Group - Hell's Angels fan it 8th Air Force. Dy ienheid wie ûnder de oarloch yn Ingelân legere op de RAF-basis Molesworth. It feit dat er de neef fan de twadde man fan nazi-Dútslân wie, waard foar hast eltsenien geheim holden. Syn kopiloat, earste luitenant Jack P. Rencher, waard hjitten om Göring del te sjitten at er besykje soe om yn Dútslân te lânjen. Neffens Rencher wie Göring in fûleinich útfierder fan alle misjes, útsein de kear dat er Keulen bombardearje moast, meidat syn beppe dêr wenne. Syn lêste flecht wie 28 jannewaris 1945.

  • United States Air Force Pilot Badge[1]
  •   Distinguished Flying Cross[2]

Fierder lêze

bewurkje seksje
  • S. Frater, Hell Above Earth: The Incredible True Story of an American WWII Bomber Commander and the Copilot Ordered to Kill Him, USA, 2012. ISBN 978-0312617929

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.303rdbg.com/358goering.html
  2. http://www.thehistoryreader.com/modern-history/hermann-gorings-nephew-piloting-american-heavy-bomber-germany/