West-Frieze-Styk
De West-Frieze-Styk wie in organisaasje dy't oprjochte waard troch mr. dr. Arian De Goede (1915-1957) yn de Beemster. De organisaasje besocht yn de regio West-Fryslân, mar ek yn kriten dêrbûten, in West-Frysk nasjonalisme op te wekken. Faaks kin it ferlike wurde mei it Frysk nasjonalisme yn guon fermiddens.
De West-Frieze-Styk wie yn 1937 de organisator fan it Great Frysk Kongres yn Medemblik. Om 1940 hinne besocht de West-Frieze-Styk in stavering fêst te lizzen foar it Westfrysk. It wurdbyld dat mei dy skriuwwize ûntstie wie lykwols sa ôfwikend fan it oant doe ta gongbere dat it neat waard.