Westerse Molen
De Westerse Molen is in poldermûne westlik fan it Grinslânske doarp Nieuw-Scheemda. Eigner fan de mûne is de 'Mûnestifting Midden en East-Grinslân'.
Westerske Mûne | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
plak | Nieuw-Scheemda | |
adres | Mûneloane | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Poldermûne | |
boujier | 1862 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31617 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Mûnestifting Midden en East-Grinslân |
De mûne waard yn 1862 boud nei't de foargonger út 1798 ôfbaarnde. Oant yn de jierren 1960 bleau de mûne yn bedriuw om it gebiet 'Rode Til' te bemeallen. Dêrnei wie de mûne in reservegemaal. De mounderswente by de mûne waard yn dy tiid ôfbrutsen.
Eartiids hie de mûne selsswichting, mar sûnt de restauraasje fan 1994 hat de mûne âld-hollânsk hekwurk. De roeden hawwe in flecht fan 21,60 meter. In frijwillige mounder lit de mûne regelmjittich wurkje.
Alhoewol't op it burd fan de mûne de namme 'Zeldenrust' stiet, wurdt de mûne oer it generaal oantsjut as de 'Westerse Molen'.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|