Wetterskip De Heareburch
Wetterskip De Heareburch (De Heerenborg c.a.) wie in wetterskip yn de eardere Fryske gemeente Raerderhim
It wetterskip waard oprjochte yn 1883 nei in wersjenning fan it stelsel fan binnendiken yn Fryslân. It wetterskipsgebiet wie likernôch 2700 hektare grut. De Heareburch wie in dyk dy't ferbûn wie mei de Grienedyk, in út de midsiuwen stammende himdyk om Raerderhim. Letter die bliken dat it wetterskip te lyts wie om goed te funksjoneren. Yn 1916 gie it op yn Wetterskip de Snitser Aldfeart. De formele opheffing fan it wetterskip fûn plak yn 1919.
It gebiet fan De Heareburch makket sûnt 2004 diel út fan Wetterskip Fryslân. Yn Jirnsum is in strjitte nei it eardere wetterskip ferneamd.