Wettertoer fan Rhenen

De Wettertoer fan Rhenen of Wettertoer De Koerheuvel is ûntwurpen troch arsjitekt H. van Hoogdalem en is boud yn 1935. De toer stiet oan de Koerheuvelwei op in hichte fan ûngefear 54 meter (de heechste fan Rhenen). De toer sels hat njoggen ferdjippings en hat in hichte fan 42,7 meter. De toer is as wettertoer yn gebrûk west fan 8 maaie 1937 oant 1 septimber 1989.

Wettertoer fan Rhenen

Yn de toer siet ien wetterreservoir mei in ynhâld fan 600 m³. Yn de wettertoer siet hotel Koerheuvel.

Op 9 desimber 1994 is de toer yn gebrûk nomd as appartemintekompleks. Oan de toer binne in oantal rychjeshuzen boud.

Keppeling om utens

bewurkje seksje