In wierskuorre is in skuorre dêr't eartiids it op de Waadsee meande smjuntegers of Grut seegers (Zostera marina) yn drûge waard. Op Wieringen stiene om 1900 mear as tolve wierskuorren.

Eardere wierskuorre, Oudeschild, Teksel
Wierskuorre oan De Haukes

Grut seegers is gjin gers- as wiersoarte, mar in wetterplant dy't yn it ûndjippe wetter fan de westlijke Waadsee groeit. It kaam in soad foar by it eilân Wieringen. Dat 'wier' waard iuwenlang brûkt foar it fersterkjen fan seediken, wierdiken. Fan mids 19e iuw ôf ûntstie der in drokke hannel yn seegers. It drûge seegers waard brûkt as folling fan kessens, bêden, stuolsittingen en as isolaasjemateriaal efter plafonds. Der wienen in soad einen dy't op dit 'gers' ôfkamen en sadwaande binne dêr ek einekoaien yn dy kriten by boud. Om 1930 bruts der in sykte út yn de fjilden mei seegers, sadat it dien wie mei de wierhannel.

Oan de eastkant fan Aasterein op Skylge stiet yn it bûtendykske kultuerlân de Grië noch in wierskuorre. Dy wurdt no brûkt as fakânsje-ûnderkommen.

De lêste autentike wierskuorre (út 1883) dy't yn De Haukes stie, is yn de jierren njoggentich ôfbrutsen en fannijs opboud yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: