Wiho I, ek wol Wito I, (Ljouwert, 772Osnabrück, 20 april 804 of 805) wie de earste biskop fan it nije bisdom Osnabrück. Nei syn ferstjerren waard Wiho hillich ferklearre. De namme fan Wiho betsjut 'strider'. [1]

Wiho waard berne yn Ljouwert[2] en krige syn edukative foarming yn Utert. Karel de Grutte beneamde him as earste biskop fan Osnabrück. Dat wie nei alle gedachten yn 893.[3] De oprjochting fan it bisdom Osnabrück barde al om it jier 780 hinne, mar Karel de Grutte bestimde Osnabrück pas yn it jier 800 ta biskopsstêd.

Yn syn amtsperioade waard de domskoalle yn Osnabrück stifte, de foargonger fan it lettere 'Gymnasium Carolinum', ien fan de âldste skoallen fan Dútslân.

Syn roomsk-katolike tinkdei is 20 april, de dei dat hy ferstar. De hillige wurdt útbylde as in biskop mei miter en yn syn hân in model fan de tsjerke fan Osnabrück, soms yn de mande mei Karel de Grutte. [4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is oersetten fan de Nederlânske Wikipedia. Sjoch de bewurkingsskiednis hjirre