Wiisfinger
In wiisfinger (Latyn: digitus index) is by minsken de twadde finger fan 'e hân, rekkene fan 'e tomme ôf. De wiisfinger grinzget oan 'e mulfinger, en hat krekt as de oare trije 'echte' fingers (mar oars as de tomme) trije keatsjes en twa gewrichten. Yn 'e genêskunde wurde de fingers nûmere mei Romeinske sifers begjinnend by de tomme, en sadwaande wurdt de wiisfinger dan oantsjut as digitus II (digitus secundus), ôfkoarte ta dig. II.
De namme fan 'e wiisfinger is ûntliend oan it feit dat minsken yn 'e Westerske wrâld dizze finger brûke om dingen mei oan te wizen. Yn guon fermiddens wurdt it lykwols as tige ûnfoechlik beskôge om te wizen, fral as men nei oare minsken wiist. De âlde Griken brûkten trouwens de mulfinger om mei te wizen, wat hjoed de dei yn it Westen wierskynlik as in obseen gebeart opfet wurde soe. Yn dielen fan Aazje, dêr't men mei de tomme wiist, is wizen mei de wiisfinger lykwols wer hiel ûnfatsoenlik.
By amputaasje fan 'e wiisfinger (oant it twadde gewricht) reitsje de oare fingers 'desoriëntearre', soe men sizze kinne, en hat men in hiel hoart nedich om te wennen oan it oernimmen fan 'e funksjes fan 'e wiisfinger troch de mulfinger. As dat ienris klear is, kin men jin lykwols by de measte putsjes wer prima rêde. Typen is lykwols problematysk as men in finger mist.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|