Brigade: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
nije side |
ts (my tinkt it is rezjimint ynstee fan regimint..) |
||
Rigel 1:
[[File:Brigade Nato.png|right|thumb|200px| Standertsymboal brûkt troch de [[NATO]] om in brigade oan te jaan.]]
In '''brigade''' (fan it [[Frânsk]]e ''brigade'') is in wichtige [[militêre ienheid]] of formaasje fan 'e [[lânmacht]] en it [[marinierskorps]], dy't bestiet út tusken de 3.000 en 11.000 [[manskip]]pen. Yn 'e measte [[leger (lânmacht)|leger]]s wurde brigades opmakke út trije oant seis [[bataljon]]s en ferskate ûnderstypjende ienheden. Twa oant fjouwer brigades foarmje in [[difyzje (militêre ienheid)|difyzje]]. De rol dy't de brigade no spilet op it mêd fan 'e [[oarloch]]fiering waard foar de ein fan 'e [[achttjinde iuw]] ferfolle troch it [[regimint]]. In brigade is likernôch ekwivalint oan in fergrutte of fuortsterke regimint. It befel oer in brigade is yn 'e regel yn 'e hannen fan in [[brigadegeneraal]], bystien troch in [[luitenant-kolonel]] of in [[kolonel]].
Soms wurde lytsere eleminten [[artillery]], [[sjeny (kriichsmacht)|sjeny]] en [[logistyk|logistike]] ienheden oan brigades tafoege. Histoarysk waarden sokke mingde brigades soms 'brigadegroepen' neamd. Tsjintwurdich komt it lykwols mear foar dat brigades opboud binne út ien inkeld [[lânmachtwapen]], lykas [[kavalery]], [[ynfantery]] ([[meganisearre ynfantery]] of [[pânserynfantery]]), [[artillery]], [[loftdoelgeskut]] of [[sjeny (kriichsmacht)|sjeny]]. Guon brigades wurde klassifisearre as 'selsstannich' en operearje dan bûten de gruttere struktuer fan in [[difyzje (militêre ienheid)|difyzje]] om. Yn 'e legers fan 'e lannen dy't ta de [[NATO]] hearre, omfiemet in brigade likernôch 3.200 oant 3.500 [[manskip]]pen, mar yn 'e legers fan [[Switserlân]] en [[Eastenryk]] kin dat oprinne oant wol 11.000 man.
|