Rezjimint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
It spyt my wol, mar wa sprekt dat no sa út? Ik ha noch noait fan "rezjimint" heart.
Rigel 1:
[[File:Regiment Nato.svg|right|thumb|180px|Standertsymboal brûkt troch de [[NATO]] om in rezjimint oan te jaan.]]
In '''rezjimint''' of '''regimint''', fan it [[Frânsk]]e ''régiment'', is in [[militêre ienheid]], wêrfan't de grutte en rol sterk útienrint yn ferskillende nasjonale [[kriichsmacht]]en. Yn 'e [[Midsiuwen]] ferwiisde de term 'rezjimint' nei in grutte kloft fronttroepen wêrfan't de leden út ien en itselde [[geografy]]ske gebiet ôfkomstich wiene, en ûnder lieding stiene fan in [[ofsier]] dy't teffens faak de [[lienhear]] fan 'e [[soldaat|soldaten]] wie. Tsjin 'e [[santjinde iuw]] bestie in rezjimint meastal út sa'n 1.000 beropssoldaten ûnder befel fan in [[kolonel]]. Om dyselde snuorje hinne waarden rezjiminten, dy't út inkeld [[ynfantery]], [[kavalery]] of [[artillery]] bestiene, yn guon legers ferfongen troch [[brigade]]s, wêryn't dy trije ûnderdielen kombinearre waarden.
 
Dêr't rezjiminten as militêre ienheden bestean bleaune, ûntjoegen se har yn 'e [[achttjinde iuw]] ta permaninte legerûnderdelen dy't har mei titels en [[militêr unifoarm|unifoarmen]] fan oare ienheden ûnderskaten. De befelfierend ofsier wie in kolonel en in ynfanteryrezjimint bestie yn 'e regel út twa [[bataljon]]s fan elk 800 man, ferdield oer 8 oant 10 [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]]. Yn guon legers waard in selsstannich rezjimint mei minder kompanjyen in '''demy-rezjimint''' neamd. By de kavalery bestie in rezjimint út 600 oant 900 man, wêrby't gjin bataljons foarkamen, en de 'kompanjyen' [[eskadron]]s neamd waarden.