Yslânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
 
Rigel 12:
Yslân waard tusken 800 en 1000 befolke fanút West-[[Noarwegen]]. It Yslânsk hat him ûntwikkele út it [[Aldnoarsk]]. Yn Noarwegen kamen, krekt as yn 'e rest fan it Germaanske taalgebiet, yn 'e iuwen dêrnei grutte taalferoaringen ta stân, al of net feroarsake troch de yntinsive kontakten mei de [[Nederdútsk]] sprekkende hannelsmannen fan de [[Hânze]], mar op it ôfhandige Yslân kaam dat sawat net foar en bleaune de wurdskat en it bûgingssysteem frijwol ûnferoare. De útspraak is wol feroare. It Yslânsk besit in oantal fonemen dy't seldsum binne yn oare Europeeske talen, bygelyks in stimleaze ''l'', ''n'', ''m'' en ''r''.
 
Dat yn it Yslânsk is it âlde Skandinavyske bûgingssysteem noch hielendal yntakt. Alle haadwurden, [[eigenskipswurd]]en, [[lidwurd]]en, oanwyzjende foarnamwurden, besitlike foarnamwurden, eigen nammen, (rang)telwurden ensafuorthinne wurde bûge yn fjouwer namfallen, dy't foar alle trije wurdgeslachten aparte foarmen kinne. Dêrneist kentken it Yslânsk noch sterke en swakke bûgingen.
 
As yllustraasje folget hjir de bûging fan it ûnregelmjittige manlik wurd fjörður, 'fjord'.