Kalvinisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
L st
 
Rigel 19:
 
== Kalvinisme en kapitalisme. ==
Guon skriuwers lykas [[Max Weber]], hawwe in ferbân lein tusken de opkomst fan it [[kapitalisme]] en dat fan it kalvinisme yn deselde tiid. It kalvinisme kentken sekere wierden dy’t neffens Weber nedich binne om in kapitalistyske ekonomy fiere te kinnen. Omdat in kalvinist net seker wit of't hy wol útkard wurde sil, moat er yn it libben hurd wurkje om foarút te kommen, oars ferspilet hy syn plak neist God, mocht er tafallich wol útkard wurde.
 
Neffens Weber wie it kapitalisme net sasear ynklauwerich mar foaral rasjoneel, oarderlik en rjochte om foarút te kommen yn de wrâld. Kalvyn hie fêst bedoeld foarút kommen yn de geastlike sin, mar syn folgelingen mienden yn de materialistyske sin. Neist hurd wurkjen moasten kalvinisten betrouber wêze, iverich, earlik, earnstich en gesachsgetrou. Dizze eigenskippen makken it dat kalvinisten betroubere saken partners binne, dit fersterket harren sukses noch ris.