Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 18:
Der binne útsûnderings. [[Ierlân (eilân)|Ieren]] hawwe oer it generaal de [[Ingelsk]]e taal oernommen, dochs sil gjin inkele Ier himsels [[Feriene Keninkryk|Ingelsman]] fiele. Flamingen en [[Nederlanners]] sprekke deselde taal ([[Nederlânsk]]), mar binne twa ferskillende folken. Boppedat is it begryp taal ek dizenich. Yn Nederlân wurdt it [[Limburchsk]] as [[streektaal]] beskôge. Net iderien is it der oer iens dat sprekkers derfan dêrtroch as apart folk sjoen wurde kinne.
 
Net allinnich de taal kin de ûnderskiedsbasis wêze, mar ek oare skaaimerken, lykas bygelyks [[godstsjinst]]. Foarbyld: [[Kresjeny]] (letterlik 'doopte', dopelingen) binne feitlik [[Tataren]]. Se sprekke de Tataarske taal, hâlde fêst oan de tradysjes en brûke fan it Tataarske folk, mar op basis hanfan harren godstsjinst ([[Russysk-Otterdokse Tsjerke|Russysk-Otterdoks]], ynstee fan [[islam]]itysk by de Tataren) sjogge sy harsels as in apart folk. Mei de folkstelling fan [[2002]] hienen de measte Kresjeny dat ek yn de enkête oanjûn. Op basis fan de útslach fan dizze folkstelling binne se sûnt inkele jierren troch de [[Ruslân|Russyske]] autoriteiten as apart folk erkend.
 
[[Kategory:Etnyske groep| ]]