Pavel Michailovitsj Tretjakov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 12:
Tretjakov sette útein mei it garjen fan keunst doe't er noch mar 24 jier wie; syn earste oankeap bestie út 10 doeken fan âlde [[Nederlân]]ske masters, mar syn grutte doel wie om in nasjonale galery foar Russyske keunst te stiftsjen.
 
Hy is de skiednisboeken yngien as [[mesenas]] en grutte stiper fan de yn [[1870]] oprjochte skildersgroep ''[[De Swalkers]]'' (''Peredvizjniki''), dêr't û.o. [[Vasili Soerikov]], [[Ilja Repin]] en [[Vasili Perov]] ta hearden. Yn 't earstoan hie er in galery yn syn eigen went, mar dy waard rillegau te lyts út reden fan syn hieltyd grutter wurdende samling. It hûs waard dêrom in pear kear oanpast en fergrutte tusken 1870-1880 nei in ûntwerp fan arsjitekt Kaminski. Fan 1881 ôf krige de gallery in soad oanrin; tsjin 1885 kamen er sa'n 30.000 minsken yn 't jier.
 
Yn 1892 erfde Tretjakov de samling West-Jeropeeske skilderijen fan syn broer en sette dy yn twa aparte sealen. Tsjin dy tiid wie syn galery like wichtich as de oare grutte museums yn Ruslân; it hearde doe al ta de nijsgjirrichheden fan Moskou.