Polygoonsjoernaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L st
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Polygoon-Profilti is yn [[1919]] oprjochte fan [[Julius Stoop]] en makke oarspronklik tuskentitels foar [[stomme film]]s. Yn [[1921]] sette Polygoon-Profilti útein mei it sels meitsjen fan opdrachtfilms, lykas yn it bûtenlân [[Pathé]] (Frankryk) en [[Fox Film Corporation|Fox Movietone News]] (Feriene Steaten) al diene. Jannewaris 1924 begûne de earste wyklikse filmsjoernaals ûnder de titel 'Hollandsch Nieuws'. Yn 't earstoan wiene dy om de twa wike en fan begjin jierren tritich (20e iuw) ôf oan wiene dy alle wiken te sjen yn de [[bioskoop]]. Yn dy jierren kaam ek de lûdsfilm op. ''"Waar zij (de kameramannen) niet zijn, is niets te doen"'' wie it biedwurd fan Polygoon. De ''tune'' fan it Polygoon-sjoernaal wie in fariaasje op de bekende wize fan ''[[Mijn Nederland]]''.
 
De klam lei hieltyd op objektiviteit en betrouberens fan it nijs; oan de oare kant moast Polygoon as kommersjeel bedriuw oppasse foar it fan him ferfjemdzjen fan it bioskooppublyk. Dêrom hiene sy in foarkar foar ûnderwerpen dy't net al te moeilik wiene en dy't moaie bylden opleveren. Sa drige der yn kabinetskrisis yn 1935, dy't it sjoernaal helle middels in taspraak fan [[Hendrikus Colijn|Colijn]] dy't de sjogger oproep om mar kalm ôf te wachtsjen: ''Laat uw vakantie niet in de war sturen door nieuwe zenuwachtigheid''. Ek wie it benei altyd moai waar yn Nederlân neffens de bylden fan it sjoernaal. Sels de Dútske ynfal yn Nederlân yn [[1940]] waard brocht yn loftige bylden, sa liet men in famke sjen dy't in presintsje oan in Dútske soldaat jout.