Konstantin Korovin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 5:
Korovin sette útein mei in stúdzje arsjitektuer yn Moskou, mar gie nei twa jier oer op skilderkeunst; hy krige ûnder oaren ûnderrjocht fan [[Vasili Polenov]]. Hy makke syn stúdzjes dien yn [[Sint-Petersburch]].
 
Tusken 1888 en 1894 reizge Korovin mei syn freon [[Valentin Serov]] geregeldwei troch Noard-Ruslân en [[Skandinaavje]]. Yn 't earstoan hie er in frijwat [[Realisme (keunststreaming)|realistyske]] styl fan skilderjen, mar nei in pear reizen nei [[Parys]] kaam syn wurk oan de ein fan de [[19e iuw]] sterk ûnder ynfloed fan it ympresjonisme te stean.
 
Neist skilder krige Korovin ek bekendheid as teaterdekorateur, benammen nei 1900, op oanstean fan syn freon [[Fjodor Sjaljapin]] hâlde er him dêr mei dwaande. Foar de [[Wrâldtentoanstelling fan 1900]] yn Parys dekorearre er it Russyske paviljoen en ûntfong dêrfoar in ‘gouden medalje’. De gearwurking mei teaterregisseur [[Konstantin Stanislavski]] begjin [[20e iuw]] slagge ek tige.