Heere Oosterbaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 1:
'''Heere Oosterbaan''' ([[Harns (stêd)|Harns]], [[3 jannewaris]] [[1736]] - dêre, [[18 septimber]] [[1807]]) wie in bekend doopsgesinde predikant.
 
Hy wie in soan fan keapman Evert Oosterbaan en Grietje Simons Stinstra. As jonge fan acht krige er [[readfonk]] en waard dôf. Yn 't earstoan krige er les fan syn omkes Johannes en Goaitsen Stinstra (respektyflik predikant en dokter); letter gie er nei de [[Latynske skoalle]] en it Athenaeum yn [[Frjentsjer]]. Fan 1757 oant 1759 studearre er oan it Doopsgesind Seminarium by professor [[Tsjerk Nieuwenhuis]], dat wie nei't er promovearre wie yn de teology yn 1757. <ref> [http://www.gameo.org/encyclopedia/contents/O697.html Biografy by Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online]</ref>
 
Hy stie yn 1760/61 yn [[Makkum]], wie heechlearaar, de opfolger fan Nieuwenhuis, oan de doopsgesinde kweekskoalle yn [[Amsterdam]] fan 1761 oant 1786 en wer predikant yn Harns fan 1786 oant syn dea.