Seemyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 2:
In '''seemyl''' (Ingelsk: '''Nautical mile''', ôfkoarte '''NM''' of '''nmi''') is in [[lingtemjitte]] dy't lyk is oan 1852 [[meter]]. Dat in seemyl is langer as in (Ingelske) [[Ingelske myl|myl]] (1609,344 meter).
 
De seemyl wurdt as ienheid fan ôfstân brûkt yn de [[seefeart]] en de [[loftfeart]]. Ek de ôflate snelheidsmjitte [[knoop (snelheid)|knoop]] (seemyl yn 't [[oere]]) wurdt hjir in soad brûkt.
 
Lange tiid hat de lingte fan de seemyl net krekt definiearre west. De Ingelske wiskundige [[Richard Norwood]] besluet om 1635hinne de lingte fan in [[grutsirkel]] (lykas de evender of lykas alle grutsirkels dy't de lingtegraden bepale) krekt op te mjitten en stelde de wearde fan de seemyl op 1/60e fan in bôgegraad fan dizze grutsirkel, ién [[bôgeminút]]. Syn mjitting fan de ôfstân fan de [[Tower of London]] oant [[York]], sa'n 280 kilometer, koste twa jier en siet der neffens hjoeddeiske mjitstêven mar 600 meter nêst, in fout fan 0,2%. Syn mjitting stelde de wearde fan in graad op 110,72 kilometer, wêrmei't syn seemyl op 1,845 kilometer kaam.