Izaäk (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 17:
 
==== Jakob en Ezau ====
Krekt as Sara bleau Rebekka lang sûnder bern. It duorre noch tweintich jier doe't Rebekka lang om let dochs noch bern krige: de twilling [[Ezau]] en [[Jakob]]. Al tidens it swierwêzen tsierden de bern meiïnoar en God ûnthiet Rebekka dat de âldste de jongste tsjinje soe en dat har skurte twa naasjes fuortbringe soe. As earste waard Ezau berne, en dêrnei Jakob, dy't tidens de berte mei syn hân de hakke fan Ezau fêst hold. De beide jonkjes wienen folslein ferkillend. Ezau wie rûch yn 't hier en rossich en mocht graach bûten wêze, wylst Jakob leaver binnen yn de tinte by syn mem bleau. Izaäk hold it meast fan de âldste, Rebekka it meast fan de jongste (Genesis 25).
[[File:Isaak zegent Jakob Rijksmuseum SK-A-110.jpeg|thumb|300px|Jakob kriget de segen fan Izaäk (Govert Flinck, 1638]]
 
Rigel 24:
==== Ferstjerren ====
As Izaäk blyn en âld is wol hy Ezau foar't hy ferstjert syn segen jaan. Hy freget Ezau om op wyld te jeien en him in goed miel klear te meitsjen. Rebekka heart dit lykwols en wol ha dat har soan Jakob de segen kriget. Hja betinkt in plan om Ezau de segen fan Izaäk te ûntfytmanjen. It plan slagget en it is Jakob dy't fan syn heit de segen, dy't foar Ezau ornearre wie, te krijen. As Ezau der efter komt dat syn broer syn heit belazere hat wurdt hy sa dûm, dat hy Jakob dea dwaan wol sadree't syn heit der net mear is. Op oanrieden fan Izaäk flechtet Jakob dan nei Laban oan'toant de lilkens wêr wat saksearre is (Genesis 27).
 
Twintich jier letter fermoedsoenen de beide bruorren harren wer (Genesis 33). Nei in ryk libben stoar Izaäk yn de âldens fan 180 jier. Hy waard troch syn beide soannen Ezau en Jakob begroeven (Genesis 35:29).