Ester (bibelsk persoan): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 7:
 
==== Ester wurdt keninginne ====
Om't de doedestiidske keninginne Wasty de kening misledige hie troch net te ferskinen op in keninklik feest, waard hja troch de hearskjende kening Ahasfearos ferstjitten. Dêrom lieten de hovelingen de moaiste jongfammen fan it ryk byinoar komme, dêr't de kening de nije keninginne út kieze koe. Ek Hadassa, dy't yn Ester 2:7 omskreaun wurdt as tige kreas, wurdt nei it paleis helle en tabetroud oan de haremwachter. Fan ôf dat momint liet Hadassa har mei har Perzyske namme "Ester" neame. De haremwachter mocht Ester graach leie en soarge der foar dat Ester in poerbêste behanneling krige. Har neef Mordekai hold op ôfstân in each yn 't seil en hie har earder op it hert drukt dat hja har joadske identiteit nea opjaan mocht. Fan alle froulju foel Ester by de kening it meast yn de geunst en sûnder dat de kening euvelmoed hie fan har joadske komôf waard Ester de nije keninginne.
 
Dyselde Mordekai wie poartwachter en krige der tafallich weet fan dat twa hovelingen fan doel wiene om in oanslach op de kening te plegen. Hy ynformearre Ester en dy joech it oan de kening troch. Sa wist de kening de oanslach op'e tiid te foarren te kommen. Nei't alles neigongen wie, liet de kening de beide hovelingen arrestearje en oanslútend eksekutearje en sa kaam Mordekai's namme yn de kroniken telâne.