Alliearde besettingssônes fan Dútslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 30:
*''desintralisaasje'': ta tsjinstelling fan it sintralistysk bestjeorde [[Nazi-Dútslân]], moast Dútslân wer tebek nei in federaal bestjoerd systeem.
 
Yn 't begjin waard der op oanstrúnd en bestjoer Dútslân as ekonomyske ienheid. Nettsjinsteande wiene de fjouwer machten it op in soad punten net meiïnoar iens. Benammen op it begryp ''demokratisearring'' waard troch de Sowjet Uny oars opfette as de trije westlike machten. As in foarm fan skeafergoeding plonderen de Frânsken en Sowjets harren sônes lecch, wilens de Amerikanen oanstrúnen op ekonomysk werstel. De [[Kâlde Kriich]] sette sa stadichoan útein en in werstel fan de Dútske ienheid kaam hieltyd fierder fuort te lizzen.
 
Op 2 desimber 1946 foegen de Britten en Amerikanen harren sônes tegearre, de saneamde ''Bisône'', en op 8 april 1949 sleat de Frânske sône him der ek by oan, de saneamde ''Trisône''. Yn de 3 westlike sônes (sûnder [[West-Berlyn]]) waard op 20 juny 1948 de âlde [[ryksmark]] ferfongen troch de nije [[Dútske mark|D-mark]]. Dit hat letter ta in rappe ekonomyske groei laat. Yn andert hjirop waard op 23 juny 1949 yn de Sowjet-sône de [[East-Dútske mark|Eastmark]] (''Ostmark'') ynfierd. Nei't de D-mark ek yn West-Berlyn ynfierd waard begûn de Sowjet-Uny mei de [[Blokkade fan Berlyn]], mei it ôfsluten fan de tagongswegen fan westlike sônes nei West-Berlyn ta. De westlike alliearden stelden in [[Berlynske loftbrêge|loftbrêge]] en foarsjoch de stêd fan guod. Nei 8 moanne waard de blokkade opheven.