Adolf fan Nassau (1540-1568): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st: 'nei't' -> 'nei 't'
Rigel 2:
Greve '''Adolf fan Nassau''' ([[Dillenburg (stêd)|Dillenburg]], [[11 july]] [[1540]] – [[Heiligerlee]], [[23 maaie]] [[1568]]) wie de fjirde soan fan [[Willem I fan Nassau-Dillenburg|Willem de Rike]] en [[Juliana fan Stolberg]]en de op ien nei jongste broer fan [[Willem fan Oranje]] (Willem de Swijer).
 
Adolf studearre yn [[Wittenberg (stêd)|Wittenberg]]. Hy fjochte yn [[1566]] tsjin de Turken dy't hieltiid fierder Europa ynkrongen. Yn [[1568]], doe't syn broer Willem de Swijer de wapens opnaam tsjin [[Filips II fan Spanje|Filips II]], stride er oan dy syn side yn Brabân. Dêrnei gie Adolf yn it leger fan syn oare broer [[Loadewyk fan Nassau|Loadewyk]] mei nei 't noarden fan de Nederlannen, dêr't er by Heiligerlee sneuvele. De Spaanske troepen waarden by Heiligerlee oanfierd fan [[Jan van Ligne|Arenberg]]. De [[Slach by Heiligerlee]] waard wol troch de troepen fan Willem fan Oranje wûn, mar [[Fernando Álvarez de Toledo|Alva]] wist it effekt dêrfan teneat te dwaan troch [[5 juny]] [[1568]] de greven [[Lamoraal fan Egmont|Egmont]] en [[Greve Horne|Horne]] yn Brussel te ûnthalzgjen.
 
==Stambeam ==