Skelte à Bolswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 5:
 
== Bolswert yn it Rubensatelier ==
As in graveur mei oplieding yn it [[Rubensatelier]] kaam te wurkjen, krige dy dochs noch ûnderrjocht fan Rubens, om oan syn easken foldwaan te kinnen. By Schelte wie soks blykber net mear nedich. Syn gravueres bjusterbaarlik detaillearre gravueres wienen al uterst akkuraat neffens it orizjineel. Ek it feit dat Schelte de tonaliteit moai oersette en dat de skildereftige tendins fan it skilderij der ek yn werom te finen wie, soarge derfoar dat Schelte in soad respekt krige fan Rubens. It feit dat Schelte eins al it frijmasterskip krigen hie en dan pas yn tsjinst fan Rubens oan 't wurk gie, is in anomaly yn Rubens syn kar fan graveurs. Ornaris hie er guons dy’t noch net sa lang yn it fak sieten, sadat de graveur yn kwestje noch brûksum wie. It is oannimlik dat Schelte syn eigen fyzje al hielendal ûntwikkele hie en in eigen styl fan gravearjen hie en behold.
 
Rubens wie tige nau belutsen by it meitsjen fan de gravueres. Dêrút soe opmakke wurde kinne dat it oannimlik is dat de graveurs dy't foar him wurken dat ek yn syn atelier dienenwurken. Mar is soks wol wis?. Guon fan de graveurs hienen ommers ek in eigen atelier of sels in útjouwerij. Oer Skelte is dêroer neat te finen yn de literatuer. Dochs liket it mooglik dat er in eigen eigen atelier of útjouwerij hie, omt hy yn 1621 it rjocht al krigen hie om sels printen te snijen, te printsjen en te ferkeapjen. Feit is wol dat men kapitaalkrêftich wêze moast om in eigen atelier of útjouwerij te begjinnen, en dêr liket it by Schelte net op. Hy arbeide nau op mei ferskate útjouwers en dêr hie er fansels in atelier ta syn foldwaan, dêr't er de kosten fan net hie.