Baarnsk Lyseum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 28:
Yn 1969 ferhuze de skoalle nei de Torenlaan, dêr't in grut, rom opsetten nijboukompleks komd wie. It nije skoalgebou waard feestlik iepene troch [[Juliana fan de Nederlannen|Keninginne Juliana]]. Letter soe har beppesizzer [[Prins Willem Alexander]] nei it Baarnsk Lyceum as learling gean.
;Escherpylders
Yn de hal fan de skoalle steane twa pylders wêrfan de bekende keunstner [[Maurits Cornelis Escher|Escher]] de tegels ûntwurp. De pylders binne spesjaal boud troch Escher dy't doe yn Baarn wenne. Syn bern gienen nei it BL en hy joech dêr geregeld gastlessen. Hy ûntwurp de unike pylders oan 'e ein fan syn libben. De iene pylder is dekorearre mei têgels mei motiven fan fûgels en fisken der op, dy't lykas wenst by Escher yn elkoar ferweefd binne. De oare pylder is fersierd mei tegels mei blommotiven yn in komplekse fiifhoeke. De tegels binne bakt troch De Porceleyne Fles yn Delft. Escher hie earder wol mear tegels foar pylders ûntwurpen, mar wie allinnich oer dizze pylders tefreden. By de ferhuzing driigje de pylders te sneuveljen, der is dêrom yn juny 2010 in aksje op tou setten om se te rêden. De tegels kinne dan adoptearre wurde, wêrnei't se losbikke wurde om se yn it nije gebou wer te brûken. Yn deselde hal hinget ek in tinkplaat foar de âld-learlingen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch harren libben foar de frijheid joegen.
 
=== Twadde nijbou ===