Koarnwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
noch in bytsje derby
L st
Rigel 27:
Der moat om ende by Koarnwert al bewenning west ha yn 'e [[Romeinske Tiid]] of earder. It is net wis oft der bewenning wie op de hjoeddeiske terp, mar by Sotterum binne spullen fûnen út 'e Romeinske perioade.
 
Yn 'e tiid fan [[Karel de Grutte]] of justjes letter waard it foar it earst neamd as "Quirnifurt" of "Quirnivirt". De namme kaam foar yn akten fan it Dútske [[Kleaster Fulda|kleaster fan Fulda]], dy't skinkingen ûntfong fan 12 pleatsen yn Koarnwert.
 
=== Bloeitiid ===
Rigel 33:
 
=== Hidde Jongema ===
Yn 'e rin fan 'e 15e iuw naam de betsjutting fan Koarnwert ôf en waard it njonken lizzende Makkum hieltyd wichtiger. Koarnwert waard mear in fiskers- en boeremienskip.
Yn [[1496]] waard Koarnwert it toaniel fan de fjochterijen tusken de [[Skieringers]] en [[Fetkeapers]]. [[Hidde Jongema|Edo (Hidde) Jongema]], dy't op 'e pleats fan Hiddum wenne, wie in foaroansteande Skieringer. De Fetkeapers ûnder lieding fan [[Tsjerk Walta]] fan Boalsert woene him krije en hy ferskânste himsels yn 'e tsjerketoer. Tsjerk Walta kaam mei in legerke fan Boalserters en Warkumers nei Koarnwert en belegeren de tsjerketoer dêr't Edo yn siet. Syn freon Sjoerd fan Beyma kaam mei in legerke man út [[Wytmarsum]], [[Arum]] en [[Frjentsjer]] en skeaten him ta help en wisten Tjerk Walta en syn mannen te ferdriuwen.
 
Rigel 43:
 
=== Gebouwen ===
Koarnwert hie in skoalle dy't yn [[1934]] sluten is. Yn [[1998]] is ek de lêste sneinstjinst holden yn 'e tsjerke fanwege it lytse tal minsken en hja binne no oanwiisd op Makkum. De [[Bonifatiustsjerke (Koarnwert)|Bonifatiustsjerke]] is in [[ryksmonumint]].
 
Oan de Sotterumerdyk by Koarnwert stiet in [[mûne]], de [[Koarnwertermûne]]. Dizze mûne hat yn [[1907]] fergunning krigen. It bemeallen fan de polder hearde oant [[1972]] ta de taken fan dy mûne. De polder bestiet út fûgeltsjelân dat no beheard wurdt troch [[It Fryske Gea]]. Der wurdt rûge dong brûkt en der wurdt let meand.