Barnabas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 14:
Mei't der jimmeroan mear net-joaden ta it kristlike leauwen oergyngen, kaam fan joaden út Judéa de fraach oft dizze eardere heidenen harren ek neffens de wet fan Moazes besnije litte moasten. Dit makke de jonge net-joadske gemeente yn Antiochje oerémis en Paulus en Barnabas gyngen nei Jeruzalim om dêr mei de apostels en de âldsten oer dizze saak te praten. Lang net elkenien tocht itselde oer it antwurd op dizze fraach en it liede ta in grutte striid yn de jonge mienskip. Inkelde eardere Fariseeërs dy't kristen woarn wiene, stiene der op dat ek de net-joaden harren besnije litte moasten. Barnabas en Paulus wisten de harkers lykwols te oertsjûgjen dat it besnijen net nedich wie om beholden te wurden, ommers God hie de [[Hillige Geast]] likegoed oan de bekearde heidenen jûn as oan de bekearde joaden. Barnabas, Paulus en mei har Judas en Silas gyngen dêrnei nei Antiochje mei in brief, wêryn't it beslút stie dat de net-joadske kristenen gjin oare ferplichtings oplein krige, útsein it ferbod op it nimmen fan fleis fan offers fan ôfgoaden, fan bloed, fan fleis wêr't noch bloed yn sit en fan ûntucht. De gemeente yn Antochje wie optein doe't de brief oan har foarlêzen waard en Judas en Silas bleaune noch in skoftke ear't hja werom reizgen.
 
Koart nei't de [[Konsylje fan Jeruzalim]] byinoar wie kaam der troch in bittere striid in ein oan de gearwurking tusken Paulus en Barnabas. Paulus beskuldige Barnabas der fan dat hy him beynfloedzje liet troch de joadsk-kristlike delegaasje fan Jeruzalim (Galatiërs 2:13). Paulus woe boppedat mei Barnabas op 'e nij alle stêden oandwaan, wêr't de beide apostels earder it bliid boadskip ferkundige hiene. Barnabas woe dan ek Jehannes Markus, dy't oan him besibbe wie, meinimme, mar dat wie Paulus min nei't sin om't dy harren earder yn Pamfylje yn 'e steek litten hie. De twa krigen hjir spul oer en lang om let gyngen hja elk in eigen wei. Barnabas gyng mei Jehannes Markus nei Syprus, wylst Paulus tegearre mei Silas troch [[Syrje]] en Sylysje teagen.
 
== De dea fan Barnabas ==