Akbar de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 4:
 
== Algemien ==
Akbar waard berne yn [[Umarkot]] yn [[Sind]]. Syn heit [[Humayun]] wie fan de Yndiaaske troan stjitten troch de [[Afganistan|Afgaanske]] fjildhear [[Sher Sjah]]. Nei in ballingskip fan mear as tolve jier ferovere Humayun it keningskip op 'en nij. Yn 1556 folge Akbar syn heit op. Omdat hy noch mar 14 jier wie, waard [[Bairam Khan]] regint. Yn [[1560]] naam Akbar by proklamaasje de werklike macht oer.
 
Op it moment dat Akbar oantrede, hie hy mar in gedielte fan it eardere ryk ûnder syn kontrole. Hy wreide it Mogoelryk tige út mei ûnder oare [[Malwa]], [[Gujarat]], [[Bengalen (gebiet)|Bengalen]], [[Kabul (provinsje)|Kaboel]], [[Jammu en Kasjmir (gebiet)|Kasjmir]] en [[Kandes]].