Bangui: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 30:
De stêd waard yn [[1889]] stifte as Frânske militêre post oan de [[Ubangi]]rivier<ref>{{en}} World 66: [http://www.world66.com/africa/centralafricanrepublic/bangui ''Bangui Travel Guide'']</ref> yn de Frânske koloanje Haut-Oubangui (letter [[Oubangui-Chari]]; Boppe-Oubangui), dy't letter in part waard fan [[Frânsk Ekwatoriaal-Afrika]]. De plaknamme is ôflaat fan pleatslike steamfersnellingen. Bangui is sûnt de koloniale tiid it bestjoerssintrum fan it gebiet en nei de ûnôfhinklikens yn 1960 ek fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk. Yn 1979 waard diktator [[Jean-Bédel Bokassa]], dy't ûnder oaren fan [[kannibalisme]] beskuldige waard, ôfset doe't er yn it bûtenlân wie. De lokale ferkiezings yn 1981 joegen in protte fjochterij tusken neifolgers fan tuskentrochpresidint [[David Dacko]] en chef-staf fan it leger [[André Kolingba]]. De lêste plege in steatsgreep en hie dêrnei 12 jier de macht yn it lân.
 
Yn 1996 ûntstie der oproer ûnder 200 soldaten fan it leger, no tsjin it bewâld dan diktator [[Ange-Félix Patassé]], de opfolger fan Kolingba. Frânske yntervinsjetroepen sloegen de rebûlje lykwols del brochten Patassé op 'en nij oan de macht as presidint. De stêd waard lykwols slim plondere en der foelen goed 50 deaden. Juny 1997 wie der wer fjochterij by in militêre basis yn Bangui, nei't soldaten har net deljaan woenen ûnder de foarming fan in nasjonale ienheidsregearing troch de ditkear demokratysk keazen presidint Patassé.
 
In ûndersyk út 2003 fan it Kanadeeske bedriuw ''Mercer Human Resources Consulting'' neamd Bangui de op ien nei minste stêd yn de wrâld, nei [[Brazzaville]]. In oar ûndersyk yn deselde snuorje sjocht Bangie as de meast gefaarlike stêd fan de wrâld. Dat komt foar in part op rekken fan de frekwinsje fan steatsgrepen en oanfallen fan rebellen.<ref>{{en}} [[British Broadcasting Corporation|BBC]] [http://news.bbc.co.uk/2/hi/africa/2815105.stm ''Brazzaville - 'world's worst city' ''] - 3 maart 2003</ref>