B.L. Tijdenskanaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
al folle langer
L →‎Skiednis: - tikfl.
Rigel 9:
It B.L. Tijdenskanaal wie part fan it kanalisaasjeplan foar Westerwâlde. Dat waard dien yn opdracht fan de Feriening ta it Fuortsterkjen fan de Kanalisaasje fan Westerwâlde. Inisjatyfnimmer foar dy feriening wie [[Boelo Luitjen Tijdens]], in [[grutboer]] yn [[Nieuw-Beerta]] en lid fan de [[Twadde Keamer]]. Westerwâlde hie in soad te lijen fan wetteroerlêst. Dat kaam troch it oanmeitsjen en de [[feanterij]] fan it [[Boertanger Fean]]. It wikseljen fan de wetterstân fan de rivierkes de [[Ruiten-Aa]] en de [[Mussel-Aa]] waard troch it opsûgjende wurkjen fan it fean fermindere. Doe't it fean ôfgroeven waard dy wetterstân ûnregelmjittich. Boelo Tijdens stribbe dêrnei foar it oanlizzen fan kanalen yn Westerwâlde en it eastlike [[Aldamt (regio)|Aldamt]], dêr't it oerstallige wetter ôffierd wurde kin, en dat Westerwâlde gaadlik foar skipfeart wurde koe. Yn [[1905]] waard úteinsetten mei it projekt en yn [[1911]] kaam it ree. Yn it kanaal kaam ien slûs te lizzen: de ''Vriescheloostersluis''. By dy slûs waard foar Boelo Tijdens in monumint oprjochte.
 
Yn [[2006]] waard úteinsetten mei it projekt ''[[IJkdijk]]'', dat poevenproeven docht mei dykkonstruksjes.
 
[[Kategory:Kanaal yn Grinslân]]