Bad Nijeskâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 34:
Troch oerstreamings binne yn de 14e en [[16e iuw]] grutte lapen lân troch de [[Doalert]] ferswolge. Sûnt dy tiid waard úteinsetten mei it weromdriuwen fan de see, troch [[polder|ynpoldering]] en it befoarderjen fan oanslykjen. Dêrtroch waard ek it strategysk wichtige grinsgebiet útwreide. De Nije- of '''Lange-ikkerskâns''' waard oanlein yn [[1628]], yn de [[Tachtichjierrige Kriich]], doe't it plak noch oan de Doalert lei.
 
Dy nije [[skâns]] wie in ûntwerp fan ynzjenieur [[Matthijs van Voort]] en krige de foarm fan in regelmjittige fiifhoeke mei [[bastion]]s, mei wâlen en in [[grêft]] rûnom. De skâns krige in regelmjittich strjittepatroan mei yn de midden in eksersysjeterrein. Benoarden waard in [[slûs]] oanlein om it gebiet ûnderstrûpe litte te kinnen ([[inundaasjeynundaasje]]). Yn de 17e en [[18e iuw]] waard de fêsting noch fierder fersterke en útwreide.
 
Troch ynpolderjen kaam de skâns hieltyd fierder it lân yn te lizzen en ferlear it syn betsjutting. Yn [[1815]] waard de fêsting ferlitten troch it garnizoen en yn [[1870]] waard by [[Keninklik Beslút]] bepaald dat Nijeskâns gjin fêsting mear wie. Yn [[1882]] waarden de fêstingwurken oersljochte en de grêften tichtsmiten. Nei it oanlizzen fan it spoar fêstige der it meast lânbouyndústry har yn de omkriten.