Klaas Hanzen Heeroma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 7:
Heeroma hat yn ferskate artikels oer de Fryske taal skreaun; ûnder oaren yn de ''Nieuwe Taalgids'' en yn de ''Vrije Fries'' (VF XXXVI, 1941, 79-101).
 
Yn 1952/1953 wie er ien fan de dichter dy't op de Pietersberg yn [[Oosterbeek]] wurke oan de nije [[psalm]]beriming. Dizze dichters skreaunen en fertaalden ek in grut ta gesangen om sadwaande in nij lieteboek gear te stallen. Dat waard it [[Lieteboek foar de Tsjerken]] dat yn 1973 ferskynde en yn in protte tsjerkegenoatskippen en tsjerken ynfierd waard. It nije lieteboek befette twa oersettings út it [[Deensk]], fiif út it [[Dútsk]] en 29 eigen gesangen. Fan de psalmen binne 22 berimingen yn it lieteboek fan Heeroma's hân en njoggen berimingen hat er yn 'e mande mei in oar dien. In [[teology|teologysk]] boek fan him is: ''Nader tot een taaltheologie''.
 
Heeroma wie foarsitter fan de [[Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde]], lid fan de ôfdieling Letterkunde fan de [[Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen]], (KNAW), en bûtenlânsk earelid fan de Keninklike Flaamske Akademy.